Jonges oppakt by drugsdeal

11 jun 2009 - 11:15

In 16-jierrige jonge út Frjentsjer is woansdeitemiddei yn syn wenplak troch de plysje oanhâlden omdat er harddrugs by him hie. Earder op 'e dei kaam der in tip binnen dat der in drugsdeal wêze soe op de Boargemaster Dijkstrawei. De plysje seach dêr twa jonges stean.

By kontrôle die bliken dat de 16-jierrige in tal wikkels speed by him hie. Hy is foar fierder ûndersyk nei it buro brocht. De plysje hat syn heit en mem op 'e hichte steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)