Frysker botst op auto

11 jun 2009 - 07:44

In Fryskerbus fan ferfiersbedriuw Connexxion is woansdeitemiddei op in auto botst. It ûngemak wie op de krusing fan de Lauwersseewei mei de Boltawei by Eanjum. Nei alle gedachten hat de bestjoerder fan de bus de auto net sjoen.

Nei't de bus de auto rekke hie, botste de Frysker tsjin in lampepeal. De bestjoerder fan 'e auto en in passazjier fan de bus rekken ferwûne. De bus en de auto hiene grutte skea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)