Surseânse foar drafbûn

10 jun 2009 - 19:31

De rjochtbank fan Den Haach hat surseânse fan betelling ferliend oan de Nederlânske Draf- en Rensport, de NDR. Troch de rjochtbank is in kurator oansteld dy't alle ynkomsten en útjeften tsjin it ljocht hâldt. Hy krijt dêr twa moanne de tiid foar. De surseânse moat de NDR beskermje tsjin skuldeaskers.

De koersen op ûnder oare de drafbaan fan Wolvegea gean gewoan troch. Ek it prizejild is garandearre. Fierders feroaret der neat by it stamboek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)