Lûdshinder by oefening basis

10 jun 2009 - 16:42

De bûtenlanske fleantugen dy't op it heden oefenje op de fleanbasis yn Ljouwert ha har net oan de regels hâlden. Se soargen woansdeitemoarn foar tefolle leven. De regels wiene yn it foar wol goed trochpraat, mar net goed begrepen, seit in wurdfierder.

De piloaten binne oansprutsen op de oertreding en der is harren nochris dúdlik makke wat wol mei en wat net. De oefening duorret noch oant en mei 26 juny. Op it spesjale nûmer fan de fleanbasis kamen trije klachten binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)