DeWall nimt cd op yn New York

Elske DeWall is fan moarns betiid oan jûns let oan it wurk yn 'e studio
In dream komt út foar de Ljouwerter sjongeres Elske DeWall (23). In heal jier lyn sette se de hantekening ûnder in platekontrakt fan maatskippij Universal. Dizze wike nimt Elske har earste cd op yn New York.
De opnames binne yn de studio fan produser Randy Crafton yn Union City, New Jersey, krekt oan de oare kant fan de Hudsonrivier. De produser wurke earder ûnder oaren mei de Amerikaanske jazzsjongeres Norah Jones en de Nederlânske band Room Eleven.