Karmerk bernebuorkerij Stiens

Piet Zijlstra fan Doniastate krijt it Goed voor Elkaar-karmerk oerlange fan Paul van der Valk
Bernebuorkerij Doniastate yn Stiens hat woansdei it karmerk Goed voor Elkaar krigen. It karmerk wurdt útjûn troch de stifting Kinderboerderijen Nederlân en hâldt yn dat Doniastate foldocht oan alle wetlike easken en oare regels dy't der binne foar in bernebuorkerij.
By Doniastate wenje en wurkje ek sa'n 40 kliïnten fan soarchynstelling Talant. De bernebuorkerij is in wiere deiattraksje en lûkt alle jierren sa'n 60.000 besikers.