Taalgebrûk It Bilt dúdliker

10 jun 2009 - 14:53

Ynwenners fan It Bilt binne better te sprekken oer it taalgebrûk yn brieven fan 'e gemeente as twa jier lyn. Dat blykt út ûndersyk fan 'e gemeente. 84 prosint fan de Biltkers hat oanjûn brieven fan de gemeente goed begripe te kinnen, dat is tweintich prosint mear as twa jier lyn.

Ut it ûndersyk komt ek nei foaren dat de gemeente telefoanysk goed berikber is en dat de wachttiden tafalle. Minpunt is dat in soad Biltkers fine dat der net nei har miening heard wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)