Freed kaartferkeap H'fean-AZ

© Omrop Fryslân
De kaartferkeap foar de wedstriid om de Johan Cruijff Skaal tsjin AZ begjint foar Hearrenfeansupporters op freed 12 juny. Lykas by de bekerfinale binne de kaarten net online, mar allinnich by de Ticketbox te keap.
De ferkeap begjint om njoggen oere moarns. De Feanfans kinne dizze kear kieze út in busreis en reizgje mei eigen ferfier en dat wylst AZ-supporters ferplichte binne om mei in buskomby te reizgjen. Der binne 10.000 kaarten beskikber foar Feanfans.