Plysje benaud foar boobytraps

10 jun 2009 - 14:16

Ut benaudens foar boobytraps hawwe plysje en de brânwacht in loads op yndustryterrein De Haven yn Drachten tiisdeitejûn kontrolearre útbrâne litten. De plysje hie it fermoeden dat dêr in himpkwekerij yn it gebou siet.

Dy wurde hieltiid faker befeilige mei boobytraps. It wie derom neffens de plysje net ferantwurde om nei binnen te gean. Yn Fryslân is de plysje noch net faak boobytraps tsjinkaam, mar yn it suden fan it lân wurde se hieltiten faker oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)