De Skâns wol Fryske produksjes

Teater De Skâns op 'e Gordyk
Teater De Skâns op 'e Gordyk wol mear Fryske produksjes bringe. It teater noeget dêrom Fryske selskippen en artysten út om yn it teater nije foarstellings te meitsjen. De Skâns stelt de fasiliteiten hjir graach foar beskikber. Troch in grutter oanbod oan Fryske produksjes hopet it teater mear besikers te lûken. Op dit stuit rint it tal besikers werom.
It teater hopet noch subsydzje fan de provinsje te krijen foar it projekt.