Plysje: foto relskoppers toane

10 jun 2009 - 12:23
  • Ien fan 'e plysjefoto's fan 'e fuotbalrellen

Foto's fan relskoppers nei ofrin fan 'e wedstriid Cambuur-Roda JC fan ferline wike woansdei wurde ynkoarten werkenber toand op tv. Tiisdei die de Fryske plysje yn it tv-programma Opsporing Verzocht in oprop oan belutsenen om harren te melden. Dat levere inkelde tsientallen tips en in pear hûndert foto's op.

Mar net ien relskopper hat him oant no ta frijwillich oanjûn. As dat sa bliuwt sil de plysje oergean ta publikaasje fan foto's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)