'Koops hoecht net te beteljen'

De Ried fan tafersjoch fynt de regeling mei Koops 'net te djoer'
It Friesland College tinkt der net oer de beleanning fan âld-topman Klaas Koops werom te freegjen. Dat seit André Olijslager, de foarsitter fan de ried fan tafersjoch. Steatssiktaris Van Bijsterveldt wol dat de fergoedingsregeling foar Koops weromdraaid wurdt.
De âld-topman krijt nei syn ûntslach as foarsitter fan de ried fan bestjoer in miljoen euro foar advyswurk. Neffens Olijslager is dizze regeling goedkeaper as in ûntslachregeling.