H'fean begjint tsjin Staphorst

De earste trening fan SC Hearrenfean yn de tarieding op it nije seizoen is op 22 juny, dan noch sûnder de ynternasjonals. De earste oefenwedstriid is op 24 juny yn en tsjin Staphorst. Op sneon 27 juny wurdt yn Bakhuzen oefene tsjin in selekskje fan Gaasterlân-Sleat.
De earste serieuze tsjinstanner is it Turkse Sivasspor, op 8 july yn De Like, en Olympiakos Athene, op 11 july yn Bûtenpost. Hearrenfean giet oanslutend nei België.