Undersyk nei fersteuring Waad

It Wettersportferbûn wol mei ûndersyk besjen oft boatsjeminsken op it Waad ferantwurdlik binne foar it fersteuren fan fûgels en seehûnen. Dit wurdt dien yn in ramt fan ôfspraken oangeande it droechlizzen op it Waad.
Alle moannen sil it ferbûn mei natoerbehearders en minsken fan it ministearje fan LNV op fiif droechlisplakken besjen oft de natoer fersteurd wurdt en troch wa. It giet om de plakken by Skiermûntseach, It Amelân, Skylge, De Richel en Balchsân.