Earste Fryske single Nienke

10 jun 2009 - 09:51
  • Nienke presintearre har nije single op it wetter

Sjongeres Nienke de Ruiter presintearre tiisdei har earste Frysktalige cd-single Fertel My. Op fersyk fan fans wykt se no foar it earst ôf fan har Nederlânsktalich repertoire. Dêrmei wûn se yn 2006 noch de Tros-talintejacht.

De presintaasje wie op it nije loungeskûtsje Nooit Gedacht by Koudum. Fertel my is in Frysktalige fersy fan it nûmer Heartless, skreaun troch komponisten dy't nûmers meitsje foar it Eurovisie Songfestival.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)