Sykaksje nei fermist syljacht

© Omrop Fryslân
Op it Waad en de Noardsee boppe de Waadeilannen is op dit stuit in sykaksje geande nei in fermist syljacht. It skip mei twa minsken oan board gie tiisdeitemoarn fuort út de haven fan Skiermûntseach mei Skylge as bestimming, mar dêr is it net oankaam.
Famylje fan de opfarrenden warskôgen de plysje, omdat se gjin kontakt krije koene mei it jacht. De KNRM en de kustwacht binne mei fjouwer rêdingsboaten, in fleantúch en twa helikopters op syk nei it jacht.