Mear boatsjes nei Snits

09 jun 2009 - 23:33

Snits docht it goed by de boatsjeminsken. It is folle drokker mei plezierboaten as ferline jier. Yn it sintrum en de Houkesleat ha dit foarseizoen hast 40 persint mear passanten oanlein.

De gasten komme út binnen- en bûtenlân. Der is gjin ûndersyk dien nei de stiging, mar it soe lizze kinne oan it moaie waar. Ek wurdt ferûndersteld dat mear minsken yn eigen lân fakânsje fiere fanwege de ekonomyske krisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)