Ferlies Harkemase Boys mei 5-1

09 jun 2009 - 21:31
  • It seizoen sit der op foar trainer Henk de Jong

Harkemase Boys hat yn Heerjansdam de heale finale fan de lanlike beker mei 5-1 ferlern fan Barendrecht. De thúsploech spile makliker en eage fitter. Healwei wie it 2-1. Nei it skoft rûn de nûmer trije fan de sneonshaadklasse A út nei 5-1.

Foar Harkemase Boys wie Ronald van der Heijden de doelpuntemakker. Alexander van Dommelen wie by Barendrecht de grutte man mei trije goals. Foar de Boys fan trainer Henk de Jong sit it moaie en lange seizoen der no op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)