Ferdield sukses reyntegraasje

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân slagget der goed yn om minsken út de bystân wer oan it wurk te krijen. Mar it tal minsken dat dêrnei werom falt yn de bystân is grutter as gemiddeld yn Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de rekkenkeamerkommisje Smellingerlân.
De kommisje ûndersocht it effekt fan it reyntegraasjebelied fan de gemeente tusken 2004 en 2008.De gemeente soe mear jild útlûke moatte foar minsken dy't dreech oan wurk te helpen binne.