Bûtanen nei Fryslân

09 jun 2009 - 14:15

In groep fan 33 flechtlingen út Bûtan komt nei Fryslân. De flechtlingen wurde tydlik ûnderbrocht yn wenningen yn Snits, Wommels, Drylts en Warkum. De Bûtanen sitte no noch yn in asylsikerssintrum yn Amersfoart.

Fia it COA is regele dat de sân gesinnen nije wike woansdei nei de Súdwesthoeke ferhúzje. It is net bekend hoe lang't se hjir bliuwe. Bûtan is in keninkryk yn it Himalaya-geberchte. De regearing stjoert alle net-oarspronkelike Bûtanen it lân út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)