Ljouwert wol CITO net ferskowe

It ûnderwiis yn Ljouwert sjocht neat yn de plannen om de Citotoets te ferskowen fan febrewaris nei april. Op dizze wize soene bern yn groep 8 mear tiid hawwe om har de lesstof eigen te meitsjen. Sa soe de skoare ferbettere wurde kinne. Boppedat is it no sa dat de skoalbern nei de toets de rest fan it skoaljier net safolle mear oan taal en rekkenjen dogge.
Op in tsiental basisskoallen yn it lân sil der in proef hâlden wurde mei de Citotoets yn april.