Evaluaasje kameratafersjoch

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert begjint no tongersdei mei de evaluaasje fan it kameratafersjoch yn de binnenstêd fan Ljouwert. De kommende tiid nimme studinten enkêtes ôf ûnder it útgeanspublyk. De gemeenteried sei earder dat troch it tafersjoch it oantal geweldsynsidinten mei fyftjin prosint ôfnimme moat.
It oantal bewenners, besikers en wurknimmers dat him ûnfeilich fielt moat mei tsien prosint ferminderje.