Bitgum wol útstel NW-tangint

09 jun 2009 - 11:44

Doarpsbelang Bitgum freget it kolleezje fan Deputearre Steaten om de oanlis fan it Noardwesttangint út te stellen, oant der mear dúdlik is oer de takomst fan de fleanbasis Ljouwert. De provinsje makke koartlyn bekend dat plannen foar de dyk tusken Stiens en Bitgummole fersobere wurde fanwege de hege kosten.

Der komme om dy reden gjin tunnels foar it autoferkear, wylst de doarpen yn de buert dat krekt wol wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)