Island Festival Amelân útsteld

09 jun 2009 - 10:23

It Island Festival dat yn septimber op It Amelân holden wurde soe, giet foarearst net troch. Deputearre Steaten wolle gjin jild tasizze en it Fryske Fiersichten-potsje is leech, seit wethâlder Bakema fan de gemeente It Amelân.

De organisaasje hie rekkene op jild fan Fryske Fiersichten, mar dat komt der dus net. De organisaasje hie dêr gjin rekken mei holden, seit de wethâlder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)