Fermiste strúsfûgel dea fûn

08 jun 2009 - 21:09

De strúsfûgel fan in ynwenner fan Ealsum dy't sûnt ferline wike fermist waard is ferdronken. It bist waard troch in foarbygonger fûn yn de Ealsumerfeart, in pear kilometer achter it hûs fan de eigner.

De strúsfûgel, in Nandoe, sprong ferline wike fan skrik oer in stek en waard dêrnei net wer sjoen. In soartgenoat dy't ek ûntsnapte, koe koarte tiid letter wer fong wurde. De eigner sil it deade bist tiisdei út it wetter helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)