Musea net dúdlik foar dôven

08 jun 2009 - 20:56

Fryske musea hâlde te min rekken mei dôve en minhearrende besikers. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it FCDS, it Fries Centrum voor Doven en Slechthorenden. Dat hat op besite west by tweintich musea yn 'e provinsje.

It mankearret by de musea benammen oan it ûndertiteljen fan bylden en it beskriuwen fan lûden by tentoanstellings. Ek binne der te min technyske helpmiddels foar dôven en minhearrenden. It sintrum komt mei oanbefellings foar ferbetterings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)