Kontrôle fakânsjehúskes

In spesjalisearre bedriuw kontrolearret yn Eaststellingwerf oft fakânsjehúskes ek permanint bewenne wurde. It bedriuw Canock Chase docht dat yn opdracht fan de gemeente. Dy wol dat fakânsjehúskes allinne brûkt wurde foar rekreaasje.
Mocht der genôch bewiis wêze dat minsken permanint yn in fakânsjehúske ferbliuwe dan krije se opdracht fuort te gean. Dêr heart ek in twangsom by.