Aksje tsjin útstekken planten

08 jun 2009 - 20:25

Natuerferienings komme yn aksje tsjin it yllegaal útstekken fan wylde planten. De ferienings ha in list makke mei de hûndert meast kwetsbere planten. Natuurmonuminten en Stichting Floron roppe minsken op fynplakken fan dizze planten net mear te melden.

Foarbyld fan in plak dêr't yllegaal planten útstutsen wurde is neffens de ferienings Skiermuontseach. Dêr wurde wylde planten út de bosken helle en by fakânsjehúskes delset. Dat oerlibje se meastal net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)