MCL-team werom út Uruzgan

In medysk team fan it MCL yn Ljouwert is moandei weromkommen út Uruzgan. Mei fjouwer minsken út Ljouwert hat it team nei Afganistan west om de militêren yn Kamp Holland te helpen. It MCL hat in spesjale oerienkomst mei definsje wêrby't dokters en sjirurgen útwiksele wurde.
It team wie der ek by doe't it kamp troffen waard troch in raketoanfal fan 'e Taliban. Ien Nederlânske militêr kaam derby om.