Fûle wenningbrân yn Piaam

08 jun 2009 - 16:34

In wenning oan 'e Koaireed by Piaam is moandeitemiddei ynstoart nei in fûle brân. Troch noch ûnbekende oarsaak ûntstie der om trije oere hinne brân yn 'e wenkeamer.

De beide bewenners koene op 'e tiid derút komme, mar doe't ien fan beide werom gie om de hûn op te heljen, krige er lêst fan it sykheljen. De man is troch meiwurkers fan de ambulânse holpen. De brânwacht hie muoite om de brân út te meitsjen omdat der hast gjin wetter yn 'e buert wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)