Reparaasje rioel Drachten

08 jun 2009 - 15:54

Yn Drachten sil woansdei in spoedreparaasje dien wurde oan it stik rioel yn wenwyk De Trisken. Yn de trochgeande dyk troch de wyk sit in lek yn it rioel.

Dat probleem spilet al langer, mar no hat it wetter derfoar soarge dat der in gat yn 'e dyk sit. As it mooglik is wol de gemeente Smellingerlân de reparaasje fan it rioel en de dyk yn ien dei útfierd hawwe. Ferkear wurdt mei buorden omlaat. In bushalte komt tydlik te ferfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)