Oranje-Paraguay op It Fean

© Omrop Fryslân
It Nederlânsk fuotbalalvetal spilet in oefenwedstriid yn it Abe Lenstra- stadion. Op sneon 14 novimber is op It Hearrenfean Paraguay de tsjinstanner.
It is foar de twadde kear yn de kluphistoarje dat Oranje in wedstriid spilet op It Hearrenfean. Yn it âlde Abe Lenstrastadion spile Nederlân, krekt nei't Abe ferstoarn wie, yn 1985, in wedstriid tsjin Hongarije. It Nederlânsk alvetal pleatste him sneon op Yslân definityf foar it WK yn Súd-Afrika.