Maraton: mear as 4300 dravers

08 jun 2009 - 15:00

Mar leafst 4300 dielnimmers diene snein mei oan de Maraton fan Ljouwert. Dat is oardel kear safolle as yn 2008, doe't it evenemint konkurrinsje hie fan de Slachtemaraton. Mar de maraton fan Ljouwert liket hieltyd grutter te wurden.

Sawat twahûndert minsken rûnen de hiele of heale maraton. Fierwei de measte minsken keazen foar de 5 of 10 kilometer. It wie de tredde kear dat it evenemint plakfûn. De organisaasje rekkenet op fierdere groei yn 2010.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)