Verbeek werom nei Heracles

08 jun 2009 - 14:08

Gertjan Verbeek giet sa goed as wis yn it nije seizoen by Heracles Almelo oan de slach. Verbeek wie earder trainer by dy klup. Fan 2001-2004 hat er Heracles organisatoarysk en sportyf in flinke stap fierder brocht. Verbeek gong nei trije jier Almelo werom nei It Hearrenfean. By de sportklup wie er fjouwer jier haadtrainer.

Begjin jannewaris krige Verbeek dien by Feyenoord. Heracles moat no earst it rinnende kontrakt mei trainer Gert Heerkes ôfhannelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)