200 losrinplakken foar hûnen

De hûn losrinne litte is op in soad plakken ferbean
Der komme sa'n twahûndert plakken yn de gebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân, Grinslân en Drinte dêr't hûnen losrinne meie. Fierder kinne hûnen op hast alle terreinen oan de line mei. Dat is de útkomst fan in grutte diskusje oer it losrinnen fan hûnen yn 'e frije natoer.
Sa'n 78 persint fan de minsken dy't reagearren wol de hûn oan de line. It nije belied wurdt de kommende tiid ynfierd mei de pleatsing fan nije buorden yn 'e natoergebieten.