Talintakademy foar topsporters

Op It Hearrenfean begint yn septimber in talintakademy foar topsporters. De oplieding is unyk yn Nederlân. Talinten fan basisskoalle oant en mei de universiteit kinne hjir terjochte. By de akademy stiet de sport sintraal, skoalle komt op it twadde plak.
De talintakademy is ûnderbrocht by Sportstêd Hearrenfean by it Abe Lenstrastadion. OSG Sevenwolden fersoarget it ûnderwiis oan de talintakademy sadat de talinten ek folop traine kinne.