Bank sponsort iepenloftspul

© Omrop Fryslân
De Friesland Bank en it bestjoer fan it Iepenloftspul fan Drongryp ha in trijejierrich sponsorkontrakt tekene. Om watfoar bedrach it giet wolle de partijen net kwyt. It iepenloftspul is bliid mei de stipe dy't de bank de kommende jierren jout.
Ferline jier koe Dronryp de begrutting net slutend krije trochdat der gjin haadsponsor wie. De kommende trije jier binne produksjes garandearre. Letter dizze moanne wurdt yn Dronryp it stik Us Jonges opfierd.