Nije frachtauto's Broersma

08 jun 2009 - 11:07

Transportbedriuw Broersma Logistiek op It Hearrenfean hat fyftjin nije frachtweinen kocht. Moandei binne de earste sân oerdroegen. It giet goed mei it bedriuw. Wylst de transportsektor bot lêst hat fan de ekonomyske krisis, groeit Broersma.

Dit komt omdat it bedriuw de kosten leech hâldt, foaral foodprodukten ferfiert en gjin lêst hat fan oandielhâlders. Broersma is ûnderdiel fan Bakker Logistiek Groep en dat is in famyljebedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)