Brân yn garaazje Bilgaard

08 jun 2009 - 09:51

De plysje yn Ljouwert docht ûndersyk nei de brân fan sneintenacht oan De Bird. Om healwei twaen hinne krige de brânwacht melding fan brân yn in garaazje en in auto dy't dêrneist parkeard stie. De garaazje is folslein ôfbaarnd, de auto hat flinke skea.

Der wurdt tocht oan brânstifting. De plysje is begûn mei in ûndersyk nei de oarsaak fan 'e brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)