Ferwûnen by survivalrun

08 jun 2009 - 09:25
  • Bylden fan de Knypster survival

Twa dielnimmers oan de Survivalrun yn De Knipe binne snein ferwûne rekke. De slachtoffers foelen út in hindernis. In dielnimster (19) fan It Hearrenfean kaam op har rêch telâne en is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs. In dielnimster (16) fan De Gordyk moast ek mei klachten oan de rêch oerbrocht wurde nei it sikehûs.

Beide slachtoffers binne al wer thús. De traumahely waard ynskeakele omdat it plak fan it ûngelok net goed mei de ambulânse te berikken wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)