ME noch ûnder de yndruk

07 jun 2009 - 17:51
  • Psychyske help foar ME'ers nei de Cambuur-rellen

De ME is noch hieltyd bot ûnder de yndruk fan de rellen dy't ôfrûne woansdei nei de wedstriid Cambuur-Roda JC plakfûn ha. Hoewol't de measte lichaamlike ferwûnings wol genêzen binne, sil de ferwurking noch wol langer duorje.

De plysjeminsken dy't woansdeitejûn by de Cambuur-rellen optrede moasten, ha psychyske help oanbean krigen fan de korpslieding. Kommende freed sille de alve oppakte rêddraaiers foar de rjochter ferskine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)