Stekpartij yn Ljouwert

07 jun 2009 - 15:22

In 51-jierrige Ljouwerter is sneintemoarn oanholden nei in stekpartij. Hy wurdt derfan fertocht dat er by in rûzje yn in hoarekagelegenheid oan De Tunen in 46-jierrige plakgenoat stutsen hat mei in mes.

De man rekke ferwûne oan it skouder. Hy moast yn it sikehûs hechte wurde. De fertochte is nei syn oanhâlding nei it plysjeburo oerbrocht en ynsletten. De oanlieding foar de fjochtpartij is ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)