Remon van Lunzen wint maraton

07 jun 2009 - 14:36

De maraton fan Ljouwert is snein wûn troch Remon van Lunzen. De 40-jierrige Ljouwerter rûn in nij parkoersrekôr fan 2 oeren, 26 minuten en 26 sekonden. It âlde parkoersrekôr stie ek op namme fan Van Lunzen mei 2 oeren en 28 minuten.

It skeelde mar tolve sekonden mei syn persoanlik rekôr. Martin Ketellapper waard op grutte efterstân twadde, Huub Bots waard tredde. Yvonne Kassenberg fan Burgum waard earste by de froulju. Sy rûn ek in nij parkoersrekôr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)