Frjentsjerter jeugdband tred

07 jun 2009 - 13:08
  • De Sternse Slotlanders út Frjentsjer

Jeugdband Sternse Slotlanders fan Frjentsjer hat sneon it tredde plak helle by it nasjonaal jeugdfestival yn Vlissingen. Dit festival is it offisjele Nederlânsk kampioenskip foar jeugdbands op de ûnderdielen mars, marsparade en show.

De Frjentsjerter jeugdband die mei oan de showwedstriden. Jeugdband Irene út Ede en Jong DVS út Katwijk einigen mei in lyts ferskil boppe har. By de Sternse Slotlanders sitte bern tusken tsien en fyftjin jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)