P. Stuyvesantkuiertocht súkses

07 jun 2009 - 12:50

Sa'n 4000 kuierders ha sneon de Pieter Stuyvesant-kuiertocht rûn. Dizze tocht dy't troch it noarden, midden en suden fan de gemeente Weststellingwerf rint, stie yn it teken fan 700 jier Stellingwerven.

Oan de rûte oer goed 20 kilometer diene 1500 minsken mei en oan de 35 kilometer-rûte 2500. Yn de doarpen waarden de kuierders ferwolkomme mei muzyk, grappen en lekkere hapkes. De start en finish wie fanút in tinte yn Aldeholtpea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)