Jild foar kultuer en natuer

07 jun 2009 - 12:32

It Prins Bernard-kultuerfûns yn Fryslân stipet de kultuer en natuer hjir mei mear as 54.000 euro. It bestjoer hat ferline wike it jild ferdield oer ferskate kulturele ynstellings en natuerorganisaasjes.

Sa giet der bygelyks 2000 euro nei it projekt 'Dansen op locatie' fan de fjouwer Fryske poadia yn Drachten, Frjentsjer, It Hearrenfean en Ljouwert. Ek de muzykferiening Crescendo fan It Amelân en it Frysk Selskip Arum krije jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)