Ynrindei ferkear yn Boalsert

07 jun 2009 - 12:21

De gemeente Boalsert hâldt tongersdei in ynrindei oer it nije ferkears- en ferfiersplan. De gemeente wurket oan in nij plan en wol de ynwenners dêrby belûke. Minsken kinne oanjaan wat sy wichtich fine yn it ferkear, wat der neffens har better kin en wêr't knipepunten binne.

Fan alle ideeën, klachten en winsken wurdt in list makke. De gemeente besjocht hokker punten dêrfan yn it ferkears- en ferfiersplan opnommen wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)