Grûnbank yn Aldehaske
De gemeente Hearrenfean iepenet moandei syn earste eigen grûnbank. Doel dêrfan is om fraach en oanbod fan de gemeentlike grûnstreamen better opinoar ôf te stimmen.
De gemeente tinkt sa jild besparje te kinnen. De grûnbank hâldt him ek dwaande mei it duorsum behearen fan de boaiem. De grûnbank komt oan de Frankrykdreef yn Aldehaske.