Noardlik rolstoelrugbyteam 1e

Byld fan it rolstoelrugby
It Noardlik rolstoelrugbyteam Quad Fighters út Drachten is sneon nasjonaal kampioen wurden op it NK yn Beetstersweach. De striid gie tusken de teams fan Rotterdam, Utrecht en Noard-Nederlân en waard holden yn de sporthal fan Revalidaasje Fryslân.
Rolstoelrugby wurdt spile troch teams fan fjouwer spilers yn fjouwer kear acht minuten spyltiid. Sa'n hûndert man publyk kaam op de wedstriid ôf.