Steigenga 2e yn De Kompenije

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Sierd Steigenga fan Eksmoarre is yn de sechsde edysje fan de Omloop fan Drachtsterkompenije twadde wurden. De 36-jierrige Steigenga hie mei ploechmaat Rudy Vriend fan Schagen in foarsprong fan 1.45 minút op it peloton.
Vriend wûn maklik it sprintduel fan Steigenga. Der stie in hurde wyn en de Omloop waard in slitaazjeslach. Fan de 80 dielnimmers kamen der 31 oer de einstreek.